Sleattemerfariant favoryt

De VVD yn Gaasterlân-Sleat hat him útsprutsen foar de saneamde Sleattemer-fariant as der weryndield wurde moat. De partij basearret dat op de útkomsten fan de gespreksjûnen dy't de gemeente oer it ûnderwerp organiseard hie. De Sleattemerfariant hâldt yn dat Gaasterlân-Sleat fierder giet mei Skarsterlân en Lemsterlân.
De twadde kar fan de VVD is de Marrefariant. Dat is weryndiele mei Nijefurd, Wymbritseradiel en Snits.