Fabryk Friesland Foods yn Azië

Friesland_Foods hat yn de Fietnameeske provinsje Ha_Nam in twadde fabryk iepene. By it fabryk wurdt molke foar konsuminten en molkepoeier makke. De produkten wurde ferkocht yn it noarden fan Fietnam ûnder de namme Dutch_Lady.
Tolve jier ferlyn iepene Friesland_Foods syn earste molkefabryk yn Fietnam. Om't de fraach nei molkeprodukten yn it Aziatyske lân bot tanimt, is der in twadde fabryk iepene.