Wol of net kamera's op feemerk

© Omrop Fryslân
De kâns is lyts dat op de Ljouwerter feemerk kameratafersjoch komt. Neffens foarsitter Kingma binne der bettere manieren om it wolwêzen fan de bisten te garandearjen. Minister Verburg sil ynkoarten freegje om kamera's te pleatsen. Se kin it net ferplichtsje.
De feemerk hat al maatregels nommen, lykas ekstra kontrôles, en dy wurkje better as kamera's, seit Kingma. Hy tinkt der yn oerlis mei de minister wol út te kommen.