Vogelaar op besite yn Fryslân
Minister Vogelaar fan folkshûsfesting wie woansdei yn Fryslân. Se wie hjir foar de start fan de oanpak fan Heechterp/Skieringen. De probleemwyk krijt jild fan it ryk. Se sette de hanteken ûnder de ferdieling fan it jild foar de kommende tsien jier.
De minister wie mei direkteur Bonnema fan wenningkorporaasje Welkom ek op it plattelân te sjen by de problemen dêr. De minister soe ek omtinken jaan moatte oan wenjen op de doarpen.