Jiddysk festival yn Ljouwert

De âlde synagoge yn 'e Sacramentsstrjitte yn Ljouwert
Ljouwert stiet dizze wike yn it ramt fan 'e Jiddyske kultuer. Foar it earst is yn 'e sted in ynternasjonaal Jiddysk festival. Der binne ferskate konserten fan ynternasjonaal bekende muzikanten. De Fryske klesmerband Di Gojim sil ek spylje. Derneist kinne besikers films sjen, oan literatuer dwaan en in kuier by joadske histoaryske plakken del meitsje.
Tresoardirekteur Bert Looper is ien fan 'e inisjatyfnimmers fan it festival.