Tefreden oer help WMO

© Omrop Fryslân
De acht Súdwestehoekegemeenten skoare heger op klanttefredenheid oer de Wet Maatschappelijke Ondersteuning as trochsneed. Dat docht bliken út lanlik ûndersyk.
In representatyf tal dielnimmers jout de tsjinstferliening yn Lemsterlân, Gaasterlân-Sleat, Wymbritseradiel, Snits, Littenseradiel, Wûnseradiel en Boalsert yn trochsneed in 7,5. It giet dan oer de oanfraachproseduere, helpmiddels en help yn 'e húshâlding.