'Dat wie doe sa' rint goed

Fryske soarchynstellings meitsje in soad gebrûk fan boeken út de rige 'Dat wie doe sa' fan Baukje_Wytsma en Akky_van_der_Veer. It tredde boek is krekt útkaam. De earste twa dielen giene oer skoalle en beroppen. Dit diel giet oer hoe't de minsken feestfierden. De boeken slute oan by de belibbingswrâld fan âlderen.
Aktiviteitebegelieders krije útlis oer hoe't se it bêste mei it boek en oar materiaal omgean kinne.