Auto's fernield yn Easterwâlde

In 20-jierrige ynwenner fan Appelskea en twa 19-jierrige ynwenners fan Eaststellingwerf binne sneintemoarn oanhâlden omdat se yn Easterwâlde ferskate auto's fernield hiene.
De auto's stiene op de Snellingerdyk en de Kuunderhof. De trije manlju brûtsen rutewissers ôf en smieten in doar stikken mei in grutte stien.