Klipper tsjin brêge fearn

Skipper Meent Land fan de Gouden Bodem krige sneintemiddei de skrik fan syn libben. Doe't er mei syn klipper troch de Hermesbrêge yn Ljouwert fear, gong de brêge ynienen ticht. Dêrtroch bleau de mêst hingjen en dy knikte dûbel.
In kraan moast derby komme om it skip frij te krijen. Foar skipper Land kaam it ûngelok op in min momint. Kommende wike begjint it seizoen fan de brune float. It ferkear hat de hiele middei lêst hân fan it ûngelok.