Akkoart fleksibel wurkjen FIB

© Omrop Fryslân
De direksje fan stielferwurker FIB yn Ljouwert en de fakbûnen ha in kompromis berikt oer fleksibele wurktiden. De direksje woe dy ynfiere, mar it personiel seach it net sitten.
Der is ôfpraat dat der nei oardel jier besjoen wurdt nei it tal oeren dat wurke is. Hat ien te min wurke, dan hoecht er dat net yn te heljen. Hat in wurknimmer tefolle wurke, dan krijt er dy oeren útbetelle. It personiel moat noch wol te set oer it akkoart.