Terpstra iepent honkbal-honk

© Omrop Fryslân
Foarsitter Erica Terpstra fan it NOC*NSF iepent fannemoarn de nije akkomodaasje fan de honk- en softbalferiening yn Drachten. De âlde akkomodaasje gie trije jier lyn troch brân ferlern.
De iepeningshanneling bestiet út it ûntstekken fan in Olympyske flam dy't dan yn optocht nei de nije lokaasje fan de honkbalferiening brocht wurdt. Erica Terpstra stekt dan it Olympyske fjoer oan op de nije akkomodaasje.