Twa ferwûnen by ûngelok

By in auto-ûngelok tusken Bitgummole en Marsum binne sneon twa minsken ferwûne rekke. Troch ûnbekende oarsaak ferlear de sjaufeur de macht oer it stjoer en rekke er mei syn auto yn de sleat. Syn passazjier rekke licht ferwûne en koe sels út de auto komme.
De brânwacht hat de bestjoerder út de auto helje moatten. Hy is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. De dyk hat in skoftsje ôfset west foar ferkear.