Gjin ekstra subsydzje Oerol
It Ryk hat de subzydzje-oanfraach fan it festival Oerol op Skylge foarearst ôfwiist. Minister Plasterk fan kultuer fynt dat Oerol net foldocht oan de kritearia fan de subsyzjeregeling.
De Oerol-organisaasje hie de subsydzje fan goed 9 ton oanfrege foar it fierder ûntwikkeljen fan it festival. Dat komt no faai te stean by de wegering fan minister Plasterk. It subsydzjebedrach fan ferline jier, 3,5 ton, is te min.