Priis foar ûndersyk nei 'r'

Taalûndersiker Renée van Bezooijen hat freed yn it Historisch Centrum Leeuwarden de Eekhofpriis 2008 krigen. Se krijt de priis foar har boek 'Het raadsel van de ratelaar', oer de útspraak fan de 'r' yn it Ljouwerters en yn it Frysk. Yn it Ljouwerters wurdt de 'r' faak achter yn de kiel útsprutsen.
De gemeente Ljouwert rikt de priis ien kear yn de 4 jier út foar in wichtich lokaal-histoarysk ûndersyk.