Koolhof mist De Wagt en Colak

Chris de Wagt mist de lêste thúswedstriid
Cambuur-trainer Jurrie Koolhof kin freedtejûn tsjin Helmond Sport gjin berop dwaan op Chris de Wagt en Halil Colak. Beide spilers binne blesseare. Nei alle gedachten nimt Rudy Jansen it plak fan De Wagt yn en spilet Bennie van Noord rjochtsachter.
De trainer wol de opstelling noch geheim hâlde. Allinnich Marinus Dijkhuizen is wis fan in plak yn de spits. Hy nimt ôfskie fan it Cambuurpublyk.