Boeren ynvestearje mear

Feehâlders yn de Súdwesthoeke liene folle mear jild as oare jierren. Dat docht bliken út sifers fan de Rabobank. Boeren ynvestearje mear om't se goede prizen foar har produkten krije. De molkpriis is heech, mar ek bouboeren krije in hege priis foar har gewaaks.
De Rabobank tinkt dat boeren dit jier twa kear safolle ynvestearje as oars.