Leenstra tekent by TVM-ploech

Marrit Leenstra tekent kontrakt by TVM
Reedrydster Marrit_Leenstra (18) út Wikel tekent tongersdei in kontrakt by de TVM-ploech. It giet om in oerienkomst foar twa jier. Se komt yn de ploech fan Sven_Kramer, Pauline_van_Deutekom en Ireen_Wüst.
Leenstra hat in goed seizoen achter de rêch. Se waard wrâldkampioene by de junioaren en sechsde op it EK allround foar senioaren. Ek die se mei oan it WK-Allround en de wrâldbeker.