Lionitas wol jild gemeente
De Ljouwerter atletykferiening Lionitas is teloarsteld yn de gemeente. Dy lûkt neffens de feriening wol hannenfol jild út foar it fuotbal, mar hat amper wat oer foar de atletyk. Leonitas hat 300.000 euro nedich foar it opknappen fan syn 400-meter baan.
De baan is fanwege de minne steat ôfkard troch de Atletiekunie. Lionitas mei dêrom gjin offisjele wedstriden mear organisearje.