Sunige en skjinne automotor

© Omrop Fryslân
It bedriuw FRIEND_BV út Damwâld hat in nije motor ûntwikkele dy't auto's suniger ride lit as mei in hibride motor. De auto riidt folslein op elektrisiteit, stjit gjin co2 út en is hiel miljeufreonlik. De motor is net allinnich geskikt foar auto's, mar kin ek brûkt wurde yn bygelyks boaten, roltreppen en wynmûnen.
It bedriuw is yn ûnderhanneling mei ferskate automerken dy't belangstelling hawwe foar de motor.