Proef alkoholslot los

Ferkearsminister Eurlings hat woansdei op it ferkearsedukaasjesintrum yn Drachten it startsein jûn foar in proef mei it alkoholslot. Mear as tûzen Friezen hiene har opjûn foar it eksperimint, tachtich binne selektearre om mei te dwaan en krije it slot yn har auto.
Foar't de dielnimmers de auto starte wolle, moatte se blaze. De auto wol net oan as it alkoholpersintaasje te heech is.