Winkelsintrum De Tille iepene

Yn Koatstertille is woansdeitemoarn it fernijde winkelsintrum iepene. It sintrum hat ûnder oare mear parkearromte krige en ek de bestrjitting is fernijd. De iepening waard dien troch wethâlder Van_der_Wal fan Achtkarspelen.
It wurk oan it winkelsintrum is noch net klear. Meikoarten wurdt noch ekstra winkelromte boud mei dêrboppe sân apparteminten.