Frou rydt tsjin winkelpui

© Omrop Fryslân
In frou (83) út It Hearrenfean hat tiisdei yn Wolvegea mei har auto in winkelpui fernield. Se soe yn de Hoofdstraat-Oost har auto ferride. Se trape fol it gas yn doe't se nei achter ried. Se ried mei hege snelheid tsjin de winkelgevel oan. De frou kaam mei de skrik frij. Der wie in soad skea oan de winkelpui en de auto. Nei oerlis mei de plysje lit de frou har rydbewiis ûnjildich ferklearje.