Hôf wer te set oer ferkrêfting

© Omrop Fryslân
It gerjochtshôf yn Ljouwert bûgt him takom wike woansdei opnij oer de ferkrêftingssaak fan in famke út Eastrum. In man út Grins is fertochte yn dizze saak. De saak is al in pear kear útsteld. De lêste kear wie dat omdat der twifels wiene oer de útslach fan it DNA-ûndersyk.
No is der oanfoljend undersyk dien, mar de útslach is noch net bekend. De rjochtbank lei de fertochte earder 2,5 jier sel op.