Mear jild foar sportfjilden

© Omrop Fryslân
Opsterlân stekt mear jild yn it ûnderhâld fan de sportfjilden. Yn it ferline moast Opsterlân in tal kearen jild bylizze om foar te kommen dat de fjilden fertutearzen. De fjilden wurde der net better op troch yntinsiver gebrûk en ekstremer waar mei droechte en mear delslach.
Omdat de gemeente net wol dat se der yn de takomst min by komme te lizzen, jout it jierlik hast twa kear safolle jild út oan it ûnderhâld.