Soargen en argewaasje om pingo

Ynwenners fan Koatstertille steure har oan de fernieling fan in pingo oan de Alde Dyk. De eigner smyt bulten modder by it marke del en ek stiet der allegear lânboureau.
Troch de ruilverkaveling is de pingo yn hannen fan de hjoeddeistige eigner kommen. Yn de gemeenteried fan kommende tongersdei sil praat wurde oer de pingo.