Poiesz fiert 85ste jierdei

Fan grientesaak nei supermerkketen
Supermerkketen Poiesz fiert nije wike sneon it 85-jierrich bestean mei in grut feest foar de 3500 meiwurkers yn it WTC-Expo yn Ljouwert. It bedriuw fan Poiesz ûntstie yn 1923 yn Snits, dêr't de famylje in grientesaak begûn.
Yn dy 85 jier is it bedriuw útgroeid ta in supermerkketen mei 47 filialen en 44 sliterijen yn Fryslân, Flevolân, Grinslân en Drinte. Fan't maaitiid komme der noch twa nije winkels by, ien yn Ljouwert en ien yn Hoogkerk.