Gemeente pakt âld-en-nij oan

Doarpen dêr't de fiering fan de jierwiksel út de hân rint, moatte koarte wurde op har leefberensfûns. It kolleezje fan Achtkarspelen wol sa de oerlêst mei âld-en-nij oanpakke.
Mei-elkoar moatte gemeente, plysje en doarpen tefoaren komme dat der saken fernield wurde. As dy ferantwurdlikheid net nommen wurdt en der in soad skea is, wurdt it oanbelangjende doarp koarte op syn leefberensfûns.