Sûnenssintrum foar Marsum

© Omrop Fryslân
Der komt in sûnenssintrum yn Marsum. Dat bart wol yn mear doarpen, mar it unike hjir is dat der in kombinaasje makke wurdt mei it doarpshûs.
It sintrum wurdt eigendom fan Woningbouwcorporatie Wonen NW Friesland. Yn it pân komt nei alle gedachten ûnder oaren in húsdokterspraktyk en in apoteek. In mienskiplike baly moat der foar soargje dat resepsjonisten wurks dogge foar beide ynstellings.