Beurs Vrouw krijt ferfolch

De beurs Vrouw dy't it ôfrûne wykein foar it earst holden is yn it WTC-Expo yn Ljouwert hat in lytse 10.000 minsken lutsen.
Dat is reden foar de organisaasje om dizze beurs alle jierren plakfine te litten. Besikers koene op de beurs fan alles te witten komme oer sûnens, bern, moade en ynterieur. Foaral snein wie in drokke dei.