14.000 SOS-tillefoantsjes

Der binne yn Fryslân hieltyd mear minsken dy't nei de SOS Telefonyske Helptsjinst belje. Ofrûne jier sa'n 14.000 kear, tûzen kear mear as yn 2006. Benammen froulju fan boppe de 55 jier belje, bygelyks omdat se harren iensum fiele.
Doel is dat fan takom jier ôf minsken ek chatte en maile kinne mei de tsjinst, sadat mear jongeren berikt wurde. De helptsjinst krijt no sneon in oare namme: Sensoor.