Dyk Jutryp/Hommers ôfsletten
Troch asfaltearingswurk is de provinsjale dyk N354 oer Jutryp en De Hommerts de kommende wiken ôfsletten foar al it trochgeande ferkear. It ferkear wurdt omlaad oer de rotonde by De Jouwer.
De wurksumheden duorje oant freed 18 april 20.00 oere, útsein it wykein. Fuotgongers, fytsers en brommers kinne gebrûk meitsje fan it fytspaad. Trochgeand ferkear meie net gebrûk meitsje fan lytsere dykjes.