Achterfolging yn Wolvegea

© Omrop Fryslân
De plysje fan Wolvegea hat yn 'e nacht fan sneon op snein de hannen fol hân oan in 34-jierrige dronken autorider út De Hoeve. Pas nei in achterfolging waard de man oanhâlden. Hy trape dêrby in kear fol op 'e rem, ried oer it trottoir en ried in steechje yn.
Dêr sette er mei in agent neist him de auto yn 'e achterút. De plysjeman luts it portier iepen en skuorde de man út 'e auto. De man is oerbrocht nei it buro. Dêr is syn rydbewiis ynnaam.