Baldadige jeugd yn Wolvegea

© Omrop Fryslân
Yn Wolvegea binne sneontenacht twa jonges oanhâlden foar fernieling. Tsjûgen melden dat in groep ferkearbuorden oan 'e Stienwikerwei fernielden. In plattegrûn wie stikkenmakke en in ferkearsboerd omlutsen. De groep wie fuortfytst nei De Blesse. Dêr waarden se oppakt.
Alle fiif jonges binne meinaam nei it plysjeburo. Twa fan harren, twa jonges fan 17 jier út Steggerda, hiene de fernielings dien, sa die bliken.