Fryske dambeker foar Wânswert

© Omrop Fryslân
De striid om de Fryske dambeker yn Snits tusken Wânswert en Huzum einige yn in lykspul. It waard 4-4. Neist twa remises wûn Anton_Schotanus fan Huzum oan boerd 4 fan Taeke_Kooistra. Gerlof Kolk fan Wânswert wûn oan boerd 2 fan Piet_Bouma.
By in lykspul sizze de spulregels dat winst oan in heger boerd de winner wurdt, dus gong de beker wer nei Wânswert.