Húsarts Harns wol jild MCL

De húsarts op it terrein fan it sikehûs yn Harns wol jild fan it MCL. De húsarts hat it folle drokker no't it MCL de operaasjekeamers yn Harns sletten hat. De ôfrûne wike kamen der sa'n 20 pasjinten ekstra, omdat se net mear yn it sikehûs terjochte koenen.
De húsarts wol mei it jild ekstra persoaniel oanlûke. De hjoeddeiske besetting is te lyts om de ekstra pasjinten helpe te kinnen, ek mei it each op it toeristeseizoen.