Keunst yn Snits boppe wetter

dit boerd is ien fan de keunstwurken fan de gemeente Snits
Yn Snits binne alle keunstwurken yn it gemeentehûs ynventarisearre. Dat wie al desennia net mear dien. Risseltaat is in aktuele list fan weardefolle stikken mei Makkumer ierdewurk, buorden út 'e Frânske tiid, antike buro's en moderne skilderijen.
De gemeente hat goed 1300 keunstwurken. De wearde fan alle stikken is net bekend. In wurkgroep besjocht wat der mei it guod barre sil.