Ried wol treplift fergoedzje

Handikapten yn Smellingerlân krije in fergoeding foar in treplift ynstee fan in ferhúsfergoeding. Mei dy tasizzing binne de riedsleden fan Smellingerlân tiisdei akkoart gien mei it WMO-belied foar de kommende jierren.
It kolleezje fynt dat de handikapten better ferhúzje kinne, om't dat goedkeaper is. De ried sjocht dat oars. De oanpassing yn it WMO-belied kostet in ton ekstra.