Cambuurbestjoer net nei MVV

Pama: Cambuurbestjoer giet net nei de wedstriid tsjin MVV
It bestjoer fan Cambuur giet 18 april út protest net nei de wedstriid yn Maastricht tsjin MVV. MVV-Cambuur wurdt sûnder publyk spile, om't de fans fan MVV yn de wedstriid tsjin RKC fjoerwurk op it fjild goaiden.
Neffens Cambuurdirekteur Alex_Pama binne de supporters fan Cambuur dêr de dupe fan en dat pikt it bestjoer net. Cambuur sil it oan de KNVB dúdlik meitsje dat se it hjir net mei iens binne.