Epke leit net wekker fan EK

Epke leit net wekker fan EK (foto: Martin de Jong)
Epke Zonderland makket him der net sa drok om dat hy net selektearre is foar it EK turnjen yn it Switserske Lausanne begjin maaie. De turner fan De Lemmer hie dêr graach foarmbehâld toane wollen yn de oanrin nei de Olympyske Spelen fan Beijing. Der komme noch twa mominten om dat te dwaan: ein maaie yn Moskou en begjin juny yn Barcelona.
Coach Gerard Speerstra is lulk dat it turnbûn Epke foar it EK skrast hat.