Karre mei asbest wer weromfûn

© Omrop Fryslân
De oanhingwein mei asbest-materiaal dy't ferline wike socht waard, is fûn. De oplizzer wie foar it lêst sjoen yn Kollumersweach. De gemeente hie yn de gaten krigen dat der asbesthâldend materiaal ynsiet. Kollumerlân woe de eigner dêr op oansprekke, mar doe wie de oplizzer fuort.
De gemeente ljochte de parse yn en krige tips. De karre is yn Ljouwert fûn. De eigner wie dwaande it asbest op de goeie wize ôf te fieren.