Froeks.tv meikoarten on-line

Wieteke Cramer yn aksje as ynternet tv-presentatrise
Froeks.tv is de namme fan in nije side op it ynternet. De side mei fideofilmkes wurdt makke foar en troch jongeren yn Fryslân. Fan 1 april ôf giet de side de loft yn. No is al in grappich filmke mei reedrydster Wieteke Cramer as 'belspel'famke te sjen.
Op Froeks.tv kinne jongeren sels har filmkes uploade en fideo's besjen. Der wurde noch ferslachjouwers socht. De side is Frysk- en Nederlânsktalich.