Saailân: museum docht wer mei

© Omrop Fryslân
It Frysk Museum docht dochs wer mei oan it projekt Nij Saailân. It museum stapte der earder dit jier út, omdat it museum in subsydzje fan 10 miljoen euro drige mis te rinnen. Troch in akkoart mei de provinsje is dat probleem oplost en kin it museum wer gewoan meidwaan oan Nij Saailân.
Troch it oplossen fan it probleem mei de subsydzje en troch de ekstra finansjele ynjeksje fan de gemeente Ljouwert is it Saailânprojekt rêden.