Lêste dei ferhuzing FD

De redakteuren fan it Frysk_Deiblêd kinne moandeitemiddei om fjouwer oere einlings te plak op harren nij stee oan de Reviusstrjitte yn Ljouwert. De wurkplakken binne dan sa fierhinne klear dat der oan de krante fan tiisdei wurke wurde kin.
Yn de ôfrûne dagen is der mei man en macht wurke oan de ferhuzing fan de âlde lokaasje op it yndustryterrein nei it nije plak yn it gebou fan soarchfersekerder De Friesland.