Mear diskriminaasje yn 2007

© Omrop Fryslân
It tal gefallen fan diskriminaasje en rassisme yn Fryslân nimt ta. Ut sifers fan diskriminaasjemeldpunt Tûmba blykt dat der ferline jier 122 ynsidinten meld binne. In jier dêrfoar wiene it noch 103.
Yn 'e measte gefallen giet it om mislediging. Njoggen kear waard geweld brûkt. Op it wurk wurdt it meast diskriminearre. Tûmba tinkt dat de meldings it topke fan de iisberch binne.