'Nederlân en LTO te sleau'

Sa gau mooglik faksineare tsjin blautonge en om tafel mei Ruslân om in oplossing te finen. Dat is de reaksje fan fee-eksporteur Henk Bles fan Ljouwert op it Europeeske eksportferbod foar drachtige kij.
Allinne kij dy't faksineard binne foar de ynseminaasje, meie eksporteard wurde. Mar grutte ôfnimmer Ruslân wol allinnich net-faksinearde keallen. Europeeske feterinêre tsjinsten sykje dêrom mei Ruslân om in oplossing.