Bluskarre foar bûtengebiet

© Omrop Fryslân
De gemeente Lemsterlân nimt ekstra maatregelen om brân yn 75 wenten yn it bûtengebiet foar te kommen. Dizze wenten steane oan lytse ûnferhurde dykjes en dêrtroch is it foar de brânwacht op it stuit net mooglik om der te kommen mei in bluswein. Se moatte by brân soms wol hûnderten meters rinne om by de brân te kommen.
De gemeente hat derom soarge foar in brânspuit op in âlderwetske hânkarre om dochs noch blusse te kinnen.