Twa Friezen yn WK-baanseleksje

Jenning Huizenga
De hurdfytsers Jenning Huizenga fan Frjentsjer en Wim Stroetinga fan Aldeberkeap binne troch bûnscoach Peter Pieters opnommen yn de seleksje foar de wrâldkampioenskippen op de baan ein maart yn Manchester.
Stroetinga docht mei op it ûnderdiel scratch. Huizenga komt út op de ploegeachterfolging en de yndividuele achterfolging. Yn Manchester binne startbewizen foar de Olympyske Spelen yn Sina te fertsjinjen.