Brêgen wer betsjinne

© Omrop Fryslân
De provinsje is dit wykein al begongen mei it betsjinjen fan de brêgen. Dat is in wike earder as oars. De reden dêrfoar is de betide peaskefakansje yn Dutslân. Fryslân wol ekstra reklame meitsje mei de goeie foarsjennings foar wettersporters.
Ek it skoft foar de brêgewippers is ofskaft. Oars waarden de bregen itenstiid en kofje tiid net betsjinne.