Plysje lestichfallen yn Dokkum

© Omrop Fryslân
De plysje is sneontenacht yn Dokkum lestichfallen troch in groep fan sa'n fyftich minsken. Plysjeminsken hâlden twa manlju oan omdat se balstjurrich wiene. Doe kearde in grutte ploech minsken him tsjin har. Der waard mei glêzen en bierfleskes smiten.
Omdat de plysje it te drok hie mei de grutte groep minsken, koene de twa arrestanten útnaaie. De plysje koe de boel allinne mar delbêdzje troch in sjarzje út te fieren.