Sympoasium oer de Ofslútdyk

© Omrop Fryslân
Hoe moat de Ofslútdyk der yn de takomst útsjen? Dy fraach stiet freed sintraal op in sympoasium yn Lelystêd, de stêd dy't neamd is nei de man dy't oan de basis stie fan de Ofslútdyk.
De Ofslútdyk moat ferbettere wurde om oan de feilichheidseasken te foldwaan. Alle plannen foar de dyk wurde freed oanbean oan steatssiktaris Tineke Huizinga. Ien fan dy plannen is it foarstel fan Wubbo Ockels foar in superbus, dy't ekstra hurd rydt.